Moed, minske , molke en blommen - column Pyt de Boer (FNP)
Deze column is alleen beschikbaar in het Fries.
Yn Littenseradiel spilet it fêststellen fan de struktuerfisy, romte foar doarp en ge, no en letter. Underdiel is de lânbouparagraaf. De FNP fynt it wichtich dat lânbou hjir har gerak kriget.
Fan see en terp nei boerelân mei fuorgen, sleatten, ynpannich of sljocht, of krunige bou. Alles troch minskehân bewrotten. Kultuerlânskip. De hantsjemier foar meanen en ûngetiidzjen hat plak makke foar mânske trekkers mei grutte masines. Minder minsken soargje foar produksje fan iten en drinken foar mear minsken dy’t bûten de lânbou libje en faaks de bining misse. Immen yn de Telegraaf oer biologyske lânbouprodukten: “ik wil best biologisch, maar wel goedkoper”. Hy hat gjin idee.
Yn Littenseradiel witte wy inoar te finen. Op rûntepetearen mei minsken oer doarpen, boeregrûn, lânskip. De gemeente hat op útstellen in protte replyk krigen as it gie oer skaal fan boublokken en natoerûntjouwingen. It is net klear, mar wy sille meiinoar bouwe en behâlde moatte yn ús gea.

Yn in nijsgjirrich artikel yn it lanbouwblêd ‘Nieuwe Oogst’ stelt Courage, ‘het innovatienetwerk voor de melkveehouderij’ it sa: “Marktpartijen moeten melkveehouders met 10 procent natuurgrond gaan certificeren en daarmee een paar cent per kilo melk uit de markt halen”. Mei oare wurden, natoerlân bringt ekstra molkjild. Courage sjocht kansen en wol graach de diskusje oan gean mei boer en boarger.
Willem Rienks, Carel de Vries en Joost van Kasteren skreaunen dêrom foar Courage in plan mei de titel ‘ Dairyland Stewardship Council DSC 2013-2033, de melkveehouder als biobankier’. De skriuwers sjogge yn dit essay fanút 2033 werom op de hjoeddeiske sitewaasje en de kommende tweintich jier. Der kin neffens it essay in suksesfolle nije kombinaasje fan natoer en feehâlderij ûntstean. Net mear betelle fan oerheidsjild mar finansearre en organisearre út de keten wei, fergoede mei sertifikaten. “Der moat wat barre”, sa seit de Vries. 30 jier Agrarysk Natoerbehear is yn totaliteit net goed genôch slagge. Oerheid, boeren en frijwilligers hawwe in protte wurk dien en noch, mar it keallet ôf. Demotivaasje troch burokrasy, kontrolesucht en ûndúdlik perspektyf. Dêrneist docht bliken troch ferskate wittenskiplike stúdzjes dat de’ dalende biodiversiteit’ trochset, sa sizze de Vries en Rienks “Biodiversiteit is voor het bodemleven van grote waarde en heeft daarmee voor melkveehouders direct belang. Maar belangrijker is dat maatschappij en overheid diversiteit van natuur en landschap eisen".

Feehâlders brûke 60 persint fan dit areaal lân. De oerheid stapt nasjonaal en Europees fansiden. Appèl op eigen rintmasterskip wurdt grutter. Romte foar bedriuwsûntwikkeling yn Nederlân moatte jo as sektor mei de partners yn de keten beskreppe. “Maatschappelijk krediet verdienen, daar gaat het om”, vertelt Rienks.
Sa’n plan DSC is net samar klear, soks moat groeie. Boeren dy’t frijwillich meidogge wurde yn dit plan dêrfoar beleanne. Sy sille de rest fan har grûn sekuerder brûke . Der is folle mear te fertellen mar op de hiemside fan www.courage.nl is dit essay ‘Dairyland Stewardship Counsil (DSC) 2013-2033, de melkveehouder als biobankier’ te lêzen en oer biodiversiteit en tûkelteammen fan it agrarysk natoerbehear. Lêze hear!

Pyt de Boer,
FNP-riedslid.
landschap Lions in 1993 in keuken sate Bolland

Geen opmerkingen:
Een reactie posten
KRITISCH KIJKEN EN BLIJVEN